Frouljushanneler naait út

30 okt 2009 - 16:33

In man dy't yn Ljouwert feroardiele is ta fjouwer jier sel foar it eksploitearjen fan froulju is net weromkaam fan wykeinferlof. It giet om in Bulgaar dy't fêstsiet yn finzenis De Schie yn Rotterdam.

De man hie fjouwer froulju foar him te wurkjen as prostituee yn Ljouwert en Rotterdam. Hy mishannele se en easke al it jild dat se fertsjinnen. It iepenbier ministearje yn Ljouwert baalt fan de ûntsnapping fan de Bulgaar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)