Hindrik vd Meer Fryske Anjer

30 okt 2009 - 15:28

Hindrik van der Meer út Goaiïngea krijt dit jier de Fryske Anjer fan it Prins Bernhard Kultuerfûns. Van der Meer kriget de priis fanwege syn ynset foar de Fryske kultuer en muzyk. Troch de jierren hinne hat er in soad ferskes skreaun, benammen foar bern.

Van der Meer wie ek de driuwende krêft achter de kultuerele bustochten troch Fryslân. Mei syn ferskes en aktiviteiten wol er de minsken op in ûntspannen wize yn 'e kunde bringe mei de Fryske taal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)