Heijmans leit fytstunnel oan

30 okt 2009 - 14:48

Boubedriuw Heijmans út Rosmalen sil de fytstunnel ûnder it Oostergoplein yn Ljouwert oanlizze. Dat hat de gemeente bekend makke. De ôfrûne moannen wie de oanbesteging. Heijmans wie it goedkeapst. De gemeente Ljouwert tinkt dat de fytstunnel úteinlik foar 11 miljoen euro boud wurde kin, trije miljoen euro minder as earder tocht.

Neffens de gemeente komt dat net allinnich troch de kreativiteit fan de oannimmer, mar ek troch de priisûntwikkelingen fan de ôfrûne tiid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)