VVD: Ek Opsterlân by fúzje

'Opsterlân moaie plattelânsgemeente yn fúzje'
De VVD yn Opsterlân wol dat dy gemeente ek behelle wurdt yn it fúzjeplan dat buorgemeenten Smellingerlân en Hearrenfean tongersdei bekend makke hawwe. In mearderheid yn de ried wol lykwols dat Opsterlân selsstannich bliuwt.
Dêrom hawwe de boargemasters Middel en De Jonge besletten it foarearst sûnder Opsterlân te dwaan. De VVD fynt dat Opsterlân as plattelânsgemeente tige goed past by Smellingerlân en Hearrenfean.