Kuiper: Fúzje buorlju posityf
Boargemaster Kuiper fan Skarsterlân is posityf oer in mooglike fúzje fan Hearrenfean mei Smellingerlân. Dat seit Kuiper yn reaksje op it ûndersyk dat Hearrenfean en Smellingerlân tongersdei oankundige hawwe.
Hearrenfean woe yn it ferline graach mei Skarsterlân oer in mooglike fúzje prate, mar dat woe Skarsterlân net. Dy gemeente wol leaver mei Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân prate oer in mooglike fúzje.