Oanhâldings foar mishanneling

30 okt 2009 - 09:59

De plysje hat trije Ljouwerters fan 27 jier oanholden foar mishanneling. Se soene in 26-jierrige man ynelkoar slein hawwe dy't neffens har in 9-jierrich jonkje lestich fallen hie. It jonkje waard op 6 oktober op strjitte beetpakt troch in ûnbekende man. Dy liet it jonkje in seksboekje sjen. It jonkje koe fuortkomme.

Famylje fan it jonkje tocht twa dagen letter oan de hân fan it sinjalemint de man te herkennen en spruts him oan. De plysje naam de man mei nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)