Oerterp sutelplak fan it jier

29 okt 2009 - 17:24

Oerterp is troch de stifting It Fryske Boek útroppen ta sutelplak fan it jier 2009. Yn it doarp hawwe 45 minsken mei kroaden fol boeken by de doarren del west foar de Sutelaksje. It Fryske Boek is dêr tige wiis mei.

De ferkeapers fan Oerterp wurde freed op in trûbadoersjûn op It Hearrenfean yn it sintsje set. Se krije oarkondes en boeken kado.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)