Soargen by De Rouwe oer soarch

29 okt 2009 - 15:33

It Fryske CDA keamerlid Sander de Rouwe wol dat minsken ek yn de takomst sels kieze kinne wat foar soarch se ha wolle. De Rouwe makket him soargen oer de keuzefrijheid fan minsken dy't in persoansbûn budzjet hawwe. Minsken meie dêrby kieze oft se it budzjet yn jild of yn natura útkeard krije wolle.

Yn de praktyk bestiet it gefaar dat gemeenten allinnich útbetelje yn natura. Sy keart dan gjin jild út, mar jout minsken sa in rollator, rolstoel of bêd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)