Fúzje Smellingerlân en H'fean

Der komt in ûndersyk nei in mooglike fúzje tusken de gemeenten Smellingerlân en Hearrenfean. Dat hawwe de boargemasters fan beide gemeenten tongersdeitemiddei bekend makke op in parsekonferinsje op it gemeentehûs fan Hearrenfean. Troch de fúzje soe in gemeente ûntstean mei sa'n 99.000 ynwenners.
Smellingerlân en Hearrenfean lizze net tsjinelkoar oan, mar dat hoecht sjoen de wetjouwing gjin probleem te wêzen foar in fúzje.