Van Boxel yn basis Cambuur

29 okt 2009 - 13:11

Robert van Boxel spilet freed tsjin AGOVV Apeldoorn yn de basis fan SC_Cambuur. De sintrale ferdigener is wer werom nei in ankelblessuere. Dit giet ten koste fan Chris de Wagt. De Snitser begjint op de bank.

Randy Rustenberg en Kevin Diaz binne net ynsetber. Sy binne beide blesseard. Nuelson Wau begjint as ferfanger fan Rustenberg yn de basis. Cambuur hat dit seizoen noch net ferlern en is mei 29 punten út 13 wedstriden koprinner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)