Man út Bûtenpost oerfallen

© Omrop Fryslân
In 30-jierrige man út Bûtenpost is woansdeitejûn oerfallen yn Grins. Twa noch ûnbekende minsken bellen oan by in wenning en giene it hûs yn doe't der iepen dien waard. De man út Bûtenpost waard mei in wapen tydlik útskeakele en berôve fan in sieraad.
Watfoar wapen de dieders krekt brûkt hawwe is noch ûndúdlik. De dieders binne noch net fûn.