Bettere soarch foar âlderen

De gearwurking tusken Tjongerskâns en GGZ moat better soarch opsmite
Yn sikehûs de Tjongerskâns komt in ekspertisesintrum foar spesjalistyske behannelings fan komplekse klachten by âlderen. De direksje fan it sikehûs en de GGZ Fryslân hawwe hjiroer in kontrakt tekene. Op de ôfdieling klinyske geriatry binne in soad âlderen dy't neist lichaamlike klachten ek te krijen hawwe mei psychyske problemen.
Meiwurkers fan de GGZ komme no noch op konsult by pasjinten yn it sikehûs del.