Boete foar fytse sûnder ljocht

29 okt 2009 - 10:33

By meardere ferljochtingskontrôles yn de provinsje, hat de plysje woansdei goed 50 boetes útdield. Yn Ljouwert krigen 43 minsken in bekeuring. Dêr waard ûnder oare kontrolearre op de Wirdumerdyk en it Drachtsterplein.

Yn Harns krigen fiif minsken in bon omdat se gjin ljocht op 'e fyts hiene. By De Jouwer en Sint Nyk waarden fjouwer minsken op 'e bon slingere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)