Man bedriget groep jeugd

© Omrop Fryslân
In 45-jierrige man út Sint Anne is woansdei oanhâlden omdat er in groep jongeren bedrige hie. De jeugd stie foar in supermerk oan de Beuckelaerstrjitte, doe't de man sûnder oanlieding in fjoerwapen luts. Dêrnei gie er fuort en hat de jeugd de plysje belle.
De plysje fûn by de man thús it wapen en in lyts bytsje kokaïne. De man hie ek tefolle dronken. De plysje hat him meinaam nei it buro, dêr is er fêstset.