Bedrigings foar E-fytsplan

29 okt 2009 - 09:51

Plannen fan steatssektaris De Jager binne in bedriging foar it provinsjale projekt E-fyts. Sûnt in moanne promoatet de provinsje it elektrysk fytsen mei it projekt E-fyts. Goed 25 bedriuwen kinne har wurknimmers fjouwer wike lang in elektryske fyts brûke litte. Doel is om minsken mear op de fyts nei it wurk te krijen.

Mei in fytsplan fan it bedriuw kin gebrûk makke wurde fan fiskale regelingen. De Jager wol dy mooglikheden no krekt beheine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)