Animo foar milennium-doelen

Der binne acht milenniumdoelen ôfpraten.
Stifting Millenniumbedriuwen is ferrast troch it grutte oantal ûndernimmers dat woansdei nei de earste gearkomste kaam oer Milenniumdoelen. Dit binne doelen dy't steld binne om de wrâld te ferbetterjen, troch bygelyks rekken te hâlden mei it miljeu.
Der kamen sa'n 160 bedriuwen foar ynformaasje oer miljeubewust belied, dat is trije kear safolle as de organisaasje berekkene hie.