Medisinen út robot-apteek

28 okt 2009 - 21:23

Yn in earder skoalgebou yn Nes op It Amelân wurdt de kommende moannen in medisinerobot ynstallearre. Mei in grutte trailer waard de robot woansdei nei it eilân brocht.

De robot is fan húsdokter Rik Maters en is in opslachromte foar medisinen. Mei in koade kinne minsken har medisinen as in kroket út de muorre helje. Pasjinten kinne dei en nacht by de robot telâne foar medikaasje. Yn jannewaris takom jier wurdt de robot offisjeel yn gebrûk naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)