'Folop kânsen op plattelân'

28 okt 2009 - 19:02

It ferdwinen fan foarsjennings op it Fryske plattelân jout kânsen. Dat tinkt Hans Koopmans fan projekt-ûntwikkelder AM. Neffens Koopmans kin it ûntbrekken fan in doarpskoalle krekt oantreklik wêze foar minsken dy't it net sa op bern ha.

Koopmans die syn útspraak woansdei op it jierlikse Fryske Vastgoedcongres yn Beetstersweach. Bouwers, makelers en projektûntwikkelders praten dêr oer de Fryske wenningmerk wêrmei't it noch altyd net goed giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)