Ferkearstún Drachten ferhuzet

Ferkearstún nei oar plak
De jeugdferkearstún yn Drachten krijt in oar plak. As it oan de gemeente Smellingerlân leit, ferhuzet de tún fan de Gauke Boelensstrjitte nei it terrein fan de bernebuorkerij oan de súdkant fan Drachten.
It soe dêr soargje moatte foar mear besikers. Ek soene de kliïnten fan soarchynstelling Talant, dy't ek op it terrein wenje, maklik ferkearsles krije kinne. De ferhuzing en it klear meitsjen fan it gebiet kostet sa'n 5,5 euroton.