Keunstesintrum net te rêden

It sintrum is net mear te rêden
It is no te let foar in ultime rêdingspoging fan it Sintrum foar de Keunsten yn syn hjoeddeistige foarm. Dat seit foarsitter Frans Bouwers fan de Rie fan Tafersjoch. Hy is teloarsteld oer de útspraak.
Hy reagearret dêrmei op de útspraak fan de rjochter. Dy makke dúdlik dat se net fia de rjochter op ekstra jild hoege te rekkenjen fan de fjouwer oansletten gemeenten, Hearrenfean, Opsterlân en de Stellingwerven. It sintrum sit finansjeel oan de grûn.