Wurkstraf brân Sint Anne

28 okt 2009 - 17:03

De rjochter hat in tredde fertochte fan de brân yn Sint Anne 100 oeren wurkstraf jûn. Hy wurdt ferantwurdlik hâlden foar it ynbrekken yn sportkompleks de Waaie, mar net foar de brânstifting.

Tsjin de twa oare fertochten binne earder sel- en wurkstraffen útdield. Yn juny dit jier baarnde it sportkompleks folslein út. It bliuwt ûndúdlik hoe't it fjoer krekt ûntstien is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)