Primeur: Frysk nijs op iPhone

Minsken mei in iPhone fan Apple en in iPod Touch kinne tenei it nijs fan Omrop Fryslân op har mobile telefoan lêze. Se kinne fergees in applikaasje delhelje. Der binne foarearst inkeld berjochten en foto's te sjen, letter komme der filmkes en audiofragminten by.
It is de earste Frysktalige iPhone-applikaasje. Omrop Fryslân is de earste regionale omrop mei in folsleine nijsfoarsjenning op de iPhone.