Auto's net oer De Kelders

28 okt 2009 - 10:38

Bedriuwen oan De Kelders yn Ljouwert binne de kommende dagen net mei in auto te berikken. Dat komt fanwegen de oanlis fan in reinwetterôffier foar it nije provinsjehûs.

Troch it wurk kinne allinne kuierders oer De Kelders. It autoferkear wurdt mei buorden omlaat. It wurk begjint tongersdeitemoarn om 7.00 oere en is freedtejûn klear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)