Botsing op De Harkema

28 okt 2009 - 10:26

By in oanriding op De Harkema binne tiisdeitejûn twa minsken ferwûne rekke. It giet om in man (25) út Droegeham en in man (37) út Drachten.

Beide bestjoerden in auto, dy't op de Rysloane op in krusing botsten. Nei alle gedachten om't de bestjoerder út Drachten gjin foarrang ferliende. Dy rekke troch de oanriding beknypt yn syn auto en moast der troch de brânwacht úthelle wurde. De man út Droegeham koe sels út de auto komme. Beide binne oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)