Stimburo oant 21.00 oere iepen

28 okt 2009 - 09:17

De stimburo's by de riedsferkiezings op 3 maart takom jier moatte gewoan oant njoggen oere iepenbliuwe. Dat hat steatsiktaris Ank Bijleveld besletten.

De gemeenten woene de stimburo's in oere earder ticht ha, om't wer mei it reade potlead stimd wurdt. Der is in soad ekstra tiid nedich om alle stimmen te tellen. De steatsiktaris begrypt dat wol, mar fynt dat minsken dochs rom de tiid krije moatte om te stimmen. Sy sil noch besjen oft it tellen makliker dien wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)