Mear minsken helje grypprik

Mear belangstelling foar de grypspuit
De opkomst by de grypprik by de Fryske húsdokters leit 20 persint heger as oare jierren. Dat seit Bert van Kapel fan de feriening fan Fryske dokters. Alderen en minsken mei in swakke sûnens jouwe folle mear as oars gehoar oan de oprop om de prik te heljen.
Dat hat alles te krijen mei de Meksikaanske gryp. Troch alle nijs binne minsken ûngerêst ek al giet it allinnich om beskerming tsjin de gewoane gryp. De earste faksinaasje tsjin Meksikaanske gryp is 5 novimber.