Ketelbrêge noch 4 kear iepen

Ketelbrêge giet noch fjouwer kear iepen
De Ketelbrêge yn de A6 giet de kommende moannen noch fjouwer kear iepen. Dat hat Rykswettersteat bekend makke. De brêge yn de belangrike rûte fan Fryslân nei de Rânestêd gong begjin dizze moanne spontaan omheech, wylst de ljochten net oan en de bomen net del wiene. Sûnt dy tiid wurdt de brêge net mear betsjinne. Dat is in probleem foar it skipfeartferkear.
De iepening fan de brêge is alle kearen op snein. Dan hat it ferkear der sa min mooglik lêst fan.