Plak foar kano's yn De Gordyk

Der komme kano-opstapplakken op De Gordyk
Op De Gordyk wurde takom moanne 11 kano-opstapplakken oanlein by de wenwyk Loevestein en oan de Brouwerswal yn it sintrum. Oan de Brouwerswal komt ek in oanlissteger foar plezierboaten mei in dûs en in húske.
De kano-opstapplakken kinne ek brûkt wurde troch fiskers. As der iis leit, kinne reedriders der gebrûk fan meitsje. De nije foarsjenningen moatte de Turfrûte oanlokliker meitsje foar boaten.