Merke op Catsplein Ljouwert

27 okt 2009 - 19:40

De merke yn Ljouwert wurdt takom jier hâlden op it Fonteinland en it Jacob Catsplein yn de stêd. De gemeente komt dêrmei temjitte oan de winsken fan de merke-eksploitanten. Dy wolle de merke op in plak tichtby de binnenstêd hawwe.

Fan 't simmer stie de Ljouwerter merke op it plein efter it WTC Expo, mar dat wie gjin súkses. Der kaam kwalik publyk op ôf, fral omdat de lokaasje te fier fan it sintrum fan de stêd wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)