Boete Dearsumer foar ûngelok

Boete foar ûngelok
In ynwenner fan 72 jier út Dearsum is wol skuldich oan in slim auto-ûngelok op de A28 by Staphorst yn de simmer fan ferline jier. Dat hat de rjochtbank yn Zwolle tiisdei sein. De man út Dearsum seach by it ynheljen in auto dy't efter him oankaam oer de holle. Dy lêste auto bedarre úteinlik yn in sleat njonken de autodyk. By it ûngelok foelen twa deaden.
De advokaat fan de man út Dearsum fûn dat syn kliïnt net skuldich wie, omdat de auto's elkoar net rekke hawwe.