Opsterlân lit him ûndersykje

27 okt 2009 - 16:58

Opsterlân lit syn eigen funksjonearjen ûndersykje. Yn jannewaris komt in ekstern buro op it gemeentehûs om te besjen hoe't de gemeente prestearret. Opsterlân wol de kommende tiid in selsstannige gemeente bliuwe, mar wol earst witte oft der dingen binne dy't no net goed geane.

It buro sil besjen oft de gemeente te lang docht oer besluten en oft wetten wol goed neilibbe wurde. Yn april oare jier moat it ûndersyk klear wêze, yn maaie binne dan de resultaten bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)