Boeren aktyf foar greidefûgels

27 okt 2009 - 16:09

Boeren bliuwe aktyf yn it greidefûgel-behear, ek al moatte se ekstra har bêst dwaan om dêrfoar in fergoeding te krijen. Dat seit de oerkoepeljende organisaasje fan agraryske natuerfierienings BoerenNatuur.

Yn it ferline koene boeren mei folle minder muoite in fergoeding fan de oerheid krije, mar no moatte se út de fuotten kinne mei swierdere saneamde behearspakketten. Dêr stiet wol wer in hegere fergoeding foaroer, wat de boeren goed brûke kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)