Sinnestrielpriis nei Nij Beets

27 okt 2009 - 14:37

Op de duorsume merk op De Gordyk is moandei de Sinnestrielpriis fan de gemeente Opsterlân útrikt oan de famylje Krawczak út Nij Beets. De priis is foar in goed inisjatyf op it mêd fan duorsum gedrach.

De famylje Krawczak fangt reinwetter op yn in grutte put en brûkt dat foar it húske, de waskmasine en de bûtenkraan. Ek wurdt folop gebrûk makke fan sparlampen yn de wente en wurdt tocht oan de oanskaf fan in sinneboiler.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)