Freerk en Jantje 75 jier troud

27 okt 2009 - 14:26

Freerk en Jantje Bron út Aldeholtwâlde binne mar leafst 75 jier troud. It pear fierde dat grutte feest tiisdei mei famylje en freonen yn it eigen wenplak. Sa'n albasten houlik komt iens yn de fiif jier yn Fryslân foar.

Boerefeint Freerk foel foar it prachtige swarte hier fan Jantsje. Tegearre krigen se sân jonges en trije famkes. Hy is 97 en sy 93 jier. En noch altyd binne se byinoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)