Sân Rabo-festigings ticht

27 okt 2009 - 12:01

Rabobank Burgum-De Lauwers slút sân fan 'e tolve festigings. It giet om de kantoaren yn Droegeham, Eastermar, Gytsjerk, De Harkema, Koatstertille, Kollumersweach en Twizelerheide. Dy gean ticht omdat der te min klanten komme. Sa melde har yn Droegeham en Twizelerheide yn trochsneed mar sa'n tsien klanten yn 'e wike oan 'e baly, yn Gytsjerk binne dat sa'n fjirtich.

De sluting hat ek gefolgen foar it personiel, mar neffens de Rabobank falle der gjin twongen ûntslaggen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)