Strân Amelân net mear skjinste

27 okt 2009 - 11:41

It strân fan It Amelân is yn de ranglist fan it skjinste strân fan Nederlân sakke nei it fjirtjinde plak. Yn 2007 wie It Amelân noch nûmer ien. PvdA Riedslid Tonnie Overdiep hat oan boargemaster Albert de Hoop frege hoe't dat kin.

De Hoop lit witte dat kontroleurs op ûnferwachte mominten komme en dat it dan ôfhinklik is fan hoe't de toeristen it strân brûkt hawwe. Neffens De Hoop binne der in tal saken fûn dy't net op in strân thúshearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)