Sosjaal wurk Stynsgea faai
De takomst fan it sosjaal-kultureel wurk yn Stynsgea is yn gefaar troch in tekoart oan bestjoersleden. Op papier binne der trije bestjoersleden, mar troch omstannichheden is der de lêste twa jier mar ien aktyf. In aksje foar nije bestjoersleden hat neat opsmiten.
Wol is it tal stipers bot tanaam en litte in soad minsken witte sa no en dan wol helpe te wollen. As der foar 1 maart 2010 gjin nije bestjoersleden komme, betsjut dat de ein fan it sosjaal-kultureel wurk yn Stynsgea.