Lemster mei brommer oer de kop

27 okt 2009 - 09:59

In 16-jierrige jonge fan De Lemmer is moandei ferwûne rekke by in ûngelok op De Jouwer. It slachtoffer ried op syn brommer doe't er troch noch ûnbekende oarsaak oer de kop gie.

De jonge hie gjin rydbewiis. Hy rekke ferwûne oan it skouder en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)