Hearrenfean akkoart mei straf

27 okt 2009 - 09:40

SC Hearrenfean hat it berop tsjin de skorsing fan Christian Grindheim ynlutsen. De middenfjilder waard wiksele yn de wedstriid tsjin VVV en hat doe in kameraman útskolden. Grindheim waard foar ien wedstriid skorst. Hearrenfean gie 'út prinsipe' yn berop, om't se it gjin saak foar de tuchtkommisje fûnen, mar in saak foar de trainer en de klup.

No't Grindheim troch in ankelblessuere minimaal trije wike útskeakele is, is It Fean dochs akkoart gien mei de straf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)