Amelân wol gjin gasboarrings

26 okt 2009 - 22:34

It gemeentebestjoer fan It Amelân wol gjin gasboarrings op it eilân. Se hawwe moandei in brief stjoerd nei de minister fan Ekonomyske Saken, dêr't se har driuwend yn freegje de earder ferliende fergunning opnij te besjen.

De gemeente is benaud dat it eilân feroarje sil yn yndustrieel gebiet foar in perioade fan 25 jier. Boppedat fynt it gemeentebestjoer dat it boarjen nei gas net oerienkomt mei de Wrâlderfguodstatus fan it Waadgebiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)