Slippartij op ôfrit by St. Nyk

© Omrop Fryslân
In automobilist hat moandeitejûn foar grut alarm soarge. De bestjoerder rekke op de A6 by de ôfslach nei Sint Nyk yn in slip en bedarre yn de berm.
By de helptsjinsten kaam de melding binnen dat der in auto yn it wetter rekke wie en dus waard der mei grut materieel útrukt. De bestjoerder wie der lykwols yn slagge de auto wer op 'e dyk te krijen en koe nei in goed kertier wer fierder. De helptsjinsten koene werom nei de kasernes.