Meiwurkers A7 meitsje petysje

© Omrop Fryslân
It personiel fan it Sintrum foar de Keunsten A7 sil dizze wike yn alle fjouwer gemeenten petysjes oanbiede. Se dogge dat foarôfgeand oan de riedsgearkomsten fan de gemeenten. It sintrum driget fallyt te gean, omdat de gemeenten der gjin ekstra jild yn stekke wolle. Der binne op de webside op dit stuit al mear as 1600 reaksjes binnenkommen fan minsken dy't de aksje fan it personiel stypje.
It personiel wol dat de gemeenten dochs mei in oplossing komme.