Websoarch VNN stiet faai

26 okt 2009 - 15:54

Minsken dy't op ynternet behannele wurde foar in alkoholferslaving of in depresje moatte takom jier nei in gewoane psycholooch. Ferslavingssoarch Noard-Nederlân VNN moat troch besunigings fan 'e minister mooglik ophâlde mei de saneamde websoarch.

Sûnt begjin 2008 koene minsken mei in ferslaving of oare klachten telâne by VNN en mei in psycholooch wurkje oan de klachten. VNN koe dêrtroch fjouwer kear safolle minsken helpe as oars. Websoarch is dêrmei in súkses.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)