Ketelbrêge:kostepost skipfeart

It maleur mei de Ketelbrêge kostet de skipfeart jild
Alle dagen dat de Ketelbrêge tusken de Flevopolder en de Noardeastpolder tichtbliuwt kostet de ûndernimmers yn de skipfeart tsientûzenen euro's. Dat seit Geert Dijks fan 'e Hiswa.
De organisaasje ropt de leden op om de skea dy't sy fan de tichte brêge hawwe by te hâlden. Begjin dizze moanne gie de Ketelbrêge samar iepen, wylst de slachbeammen noch iepen stiene. Dat hie ûngelokken en gaos fan gefolgen. Sûnt dy dei hat de brêge mar in pear kear eefkes iepen west.