Dokterswacht: soad grypfragen

26 okt 2009 - 13:44

De Dokterswacht Fryslân hat it ôfrûne wykein hast 150 fragen krige oer de Meksikaanske gryp. Oer de hiele wike bellen sa'n 170 minsken omdat se har soargen makken oer de gryp. Oant no ta hat de dokterswacht noch net sa folle fragen krigen oer dy grypfariant.

Minsken meitsje har dúdlik soargen, sa seit in wurdfierder. Yn guon gefallen geane dokters by minsken thús del. It giet dan om minsken dy't fanwege har medyske tastân net reizgje kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)