Plysje hâldt koperdieven oan

26 okt 2009 - 09:46

Trije Frjentsjerters binne sneintejûn oanhâlden op fertinking fan koperstellerij. De plysje betrape de manlju fan 18, 22 en 24 jier yn in bedriuwsgebou oan de Tjaardemastrjitte yn Frjentsjer.

Tsjûgen hiene leven heard by it bedriuw en de plysje warskôge. Yn in hoeke fan it gebou hiene de manlju in stapel koperguod en oar materiaal dellein. De manlju binne meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)