Man mei bierglês stutsen
In 23-jierrige Ljouwerter hat sneintejûn yn in kafee yn syn wenplak in man mei in bierglês yn it gesicht stutsen. Yn it kafee oan de Pier Panderstrjitte krige hy spul mei it slachtoffer, in 38-jierrige Ljouwerter. De plysje hat de 23-jierrige Ljouwerter oppakt.
It slachtoffer is nei de dokter brocht, dy't him behannele hat.