Man rydt mei 190 km oer de A7

25 okt 2009 - 13:34

De plysje hat sneontenacht it rydbewiis fan in Rotterdammer (26) ynfoardere. De man stode by Drachten mei in faasje fan 190 km yn 'e oere oer de A7. Op dat plak is de maksimum snelheid 120 km yn 'e oere.

Nei it mjitten fan snelheid slagge it de plysje om de man by Tsjalbert oan te hâlden. De Rotterdammer moast syn auto dêr stean litte en ek syn rydbewiis ôfjaan. Fierder waard ek proses-ferbaal opmakke tsjin de man.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)