Oanriding ûnder ynfloed op A6

25 okt 2009 - 13:26

De plysje hat sneintemoarn op de A6 by Dunegea in man fan Dolsterhuzen (22) oanhâlden, neidat er ûnder ynfloed fan drank in oanriding feroarsake. De man wie by it ferstjoeren fan in sms-ke de macht oer it stjoer ferlern en sloech oanslutend mei de auto oer de kop.

Doe't de plysje mei de man prate, rûkte er nei drank. De man waard dêrom meinommen nei it plysjeburo foar in azemanalyze. Oanslutend waard syn rydbewiis ynfoardere en krige er in rydferbod fan fiif oeren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)