Ljouwerter skelt de plysje út

25 okt 2009 - 13:21

De plysje hat yn 'e nacht fan sneon op snein in Ljouwerter (21) oanhâlden foar it misledigjen fan 'e plysje. Dit barde op it Ruterskertier yn de binnenstêd fan Ljouwert. Doe't de plysje de man meinimme woe, begûnen guon omstanners harren mei de saak te bemuoien.

De man waard oanslutend yn in plysje-auto delset en oerbrocht nei it plysjeburo. Hjir waard proses-ferbaal opmakke. Nei it meinimmen fan de fertochte waard it wer kalm op strjitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)